Oerlêst jongeren by Drachtsterplein oanpakke

De westlike fytstunnel
De fytstunnels by it Drachtsterplein yn Ljouwert wurde troch jongeren brûkt as hingplak. Se soargje dêrmei foar in soad oerlêst foar omwenners en passanten. De jongeren meitsje in soad leven en smite lege bierfleskes stikken op it fytspaad.
De plysje krige sa'n soad klachten binnen, dat se de oerlêst mei strjitcoaches en de jongereinwurker oanpakke. De nammen fan 22 fan de jongeren binne notearre. De âlden fan de jongeren kinne meikoarten in besite fan de plysje ferwachtsje.