Simon Vestdijk is sportyfste skoalle fan it lân

26 nov 2014 - 12:36
  • Skoallemienskip Simon Vestdijk yn Harns

De Simon Vestdijk-skoalle yn Harns en Frjentsjer is útroppen ta sportyfste skoalle fan Nederlân. De RSG die mei oan it projekt Sevendays of Feedback om de learlingen bewust te meitsjen fan in sûne manier fan libjen. De skoalle hat ûnder oare fuotbalkoaien en tafeltennistafels pleatst, dêr't in soad gebrûk fan makke wurdt.

Sa'n 200 skoallen foar fuortset ûnderwiis dienen mei oan de wedstriid. De lêste seis krigen tiisdei yn Amsterdam te hearren oft se wûn hienen. Sa'n 600 learlingen en leararen gienen der yn bussen hinne.

De skoalle mei him no in jier lang de sportyfste skoalle fan Nederlân neame.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)