380 tennisballen stellen

16 okt 2014 - 10:05

De plysje yn Frjentsjer is op syk nei 380 tennisballen. De ballen binne stellen by in ynbraak by de tennisklup yn de stêd. De trije tonnen dêr't de ballen yn sieten, binne werom fûn. Mar de ballen sieten der net mear yn. It giet neffens de Franeker Tennis Club om spesjale trainingsballen. De skea rint yn de hûnderten euro's.

De klup sil maatregels nimme om stellerij yn de takomst tsjin te gean. De plysje freget minsken dy't mear witte oer de stellerij har te melden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)