38 bern foar boargemasterspost

20 okt 2009 - 09:54

Om berneboargemaster fan Dongeradiel te wurden hawwe har 38 bern meld. It giet om learlingen út groep 7 of 8 fan 12 fan de 28 basisskoallen yn de gemeente. Sy sille har op 28 oktober presintearje yn it gemeentehûs fan Dongeradiel.

In kommisje fan riedsleden sil kieze wa't de earste berneboargemaster wurdt. Dy wurdt op 29 oktober offisjeel beneamd ûnder de riedsgearkomste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)