Foutsje: Fryske AH-reklameposters yn Grins

26 nov 2014 - 10:32
  • Fryske AH-poster yn Grins, Albert Heijn

Supermerk Albert Heijn hat by fersin Frysktalige posters yn de stêd Grins ophongen. Mei de reklameposters freget de supermerk oandacht foar de nije besoarchservice. De flater smiet fuortendaliks in soad reaksjes op yn de sosjale media.

Neffens Albert Heijn hat it bedriuw dat de posters ophinget de flater makke. Dat bedriuw ferfangt de Frysktalige posters woansdei troch Nederlânsktalige. Mei elkoar giet it om 100 posters dy't rûnom yn Fryslân ophongen wurde moasten. Hoefolle oft dêrfan yn Grins ophongen binne, is it net dúdlik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)