Undernimmers positiver oer omset

Undernimmers yn Noard-Nederlân binne positiver as yn eardere fearnsjierren yn 2014. Se hawwe hegere ferwachtings fan omset, eksport en ynvestearrings as earder dit jier. Benammen yn de yndustry, de hannel en de kommunikaasje binne de ûndernimmers posityf.
Dit entûsjasme sil net liede ta it oannimmen fan mear minsken, sa sizze de ûndernimmers. Yn de bou en hoareka wurdt minder omset ferwachte. Dit docht bliken út sifers fan de Keamer fan Keaphannel en it CBS, it sintraal buro foar de statistyk.