Kombinaasje talint en topsport by KNSB en OSG Sevenwolden

Talint en topsport binne net los fan elkoar te sjen. Mar de skoalle spilet ek in belangrike rol yn it libben fan in jonge sporter. Dan is it moai dat de topsport en de skoalle elkoar stypje en oanfolje. OSG Sevenwolden op It Hearrenfean rint hjirby foarop mei de saneamde Topsport Talintskoalle.
Om de gearwurking tusken de sport en de skoalle noch better te meitsjen wurdt woansdei tusken it Gewest Fryslân fan de KNSB en Sevenwolden in oerienkomst tekene. De KNSB tekenet op datselde momint ek noch in oerienkomst mei Fysio Gorredijk.