Brânwacht rukt út foar brân yn Surhústerfean

25 nov 2014 - 23:06

Oan de Ds. Boekholtstrjitte yn Surhústerfean is tiisdeitejûn brân útbrutsen yn in wenhûs. De brânwacht hat fuort opskaald nei in middelbrân omdat net dúdlik wie oft de bewenners der al út wienen. Uteinlik die bliken dat dat wol it gefal wie. Omdat by de brân in soad reek frij kaam, binne twa minsken kontrolearre troch ambulânsepersoniel.

Foar kontrôle fan in hûn waard de biste-ambulânse oproppen. Oer de oarsaak fan de brân is noch neat bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)