Jong Hearrenfean wint fan Grins en giet nei kampioenspûl

De beloften fan Sportklup Hearrenfean ha tiisdeitejûn mei 3-2 wûn fan Jong FC Grins/SC Cambuur en binne dêrtroch pleatst foar de kampioenspûl. Pas yn de blessueretiid kaam de beslissing doe't Michael Chacon de 3-2 makke. Hearrenfean hie genôch oan in lykspul.
Hearrenfean wie lange tiid better. Nei 15 minuten skoarde Pascal Huser út in moaie folly de 1-0. Krekt nei rêst like it dien, doe't Tarik Kada 2-0 makke. Fia twa goals fan Jafar Arias waard it dochs noch spannend, mar Chacon besliste de wedstriid.
De opset fan de kompetysje fan belofteteam is dit jier feroare. Hearrenfean is no yn in pûl mei fiif ploegen as earste einige, krekt foar Jong Almere City. Dy twa ploegen komme yn de kampioenspûl. De oare ploegen dy't trochgean binne de belofteteams fan Vitesse, AZ, Feyenoord/Excelsior, VVV/Helmond Sport, Sparta en Willem II. Op 8 desimber is de earste wedstriid yn de kampioenspûl.
Jong FC Grins/SC Cambuur spile mei fjouwer Cambuurspilers yn de basis: Erik Bakker, Sebastian Steblecki, Dejan Meleg en Donovan Slijngard. Ron Janzen mocht de twadde helte ynfalle.
Opstelling Jong Hearrenfean: De Fockert, Schmidt, Streutker, Warmolts, Raitala, Chacon, Kada (90+3 Schoop), Huizing, Varga (87. Gudmundsson), Dalgaard (60. Van Amersfoort), Huser.