Eveneminten moatte ûngelokken op nije Heak foarkomme

25 nov 2014 - 21:35

Troch it organisearjen fan eveneminten hopet de provinsje foar te kommen dat minsken ferkeard ride of foar gefaarlike sitewaasjes soargje op de nije Heak om Ljouwert. Op 18 desimber is de dyk te brûken. Foarôfgeand oan dy datum wurde der tsien dagen lang eveneminten hâlden. It giet dan ûnder oare om in hurdrintocht, in fiskwedstryd, in kuier yn 'e nacht en in konsert.

It iepen stellen fan de dyk sil foar in soad ferkearsdielnimmers feroarings opsmite.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)