Earste eksimplaren jubileumboek Cambuur útrikt

25 nov 2014 - 21:04

Tiisdeitejûn binne yn it Cambuur-stadion de earste eksimplaren útrikt fan it jubileumboek fan Cambuur. De Ljouwerter profklup bestiet dit jier 50 jier. Yn in reüny-achtige sfear, mei in protte spilers en âld-spilers fan de klup, waarden der troch de skriuwers in tal earste boeken útrikt, ûnder oare oan de earste foarsitter fan de de klup Jan Pranger, âld-spilers Dirk Roelfsema en Willem van der Ark en supporter foar it libben Jaap Roosjen.

Hy krige it boek oerlange troch LC -sjoernalist Frederik Bierling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)