Gearwurking gemeenten op automatisearringsgebiet

25 nov 2014 - 20:50
  • De fjouwer belutsen boargemasters

De gemeenten Frjentsjerteradiel, Menameradiel en It Bilt litte it behear fan har automatisearring tenei dwaan troch de gemeente Ljouwert. Doel is om sa de feroarings en besunigings dy't der de kommende tiid binne better oan te kinnen. Ut in ûndersyk út 2012 hat bliken dien dat it ûnderbringen by Ljouwert de bêste opsje is. Dat kostet 6 miljoen euro. De trije gemeenten tinke troch de gearwurking mei Ljouwert ek foarsprong te hawwen as se yn 2018 fusearje.

Tiisdei hawwe de fjouwer boargemasters it kontrakt tekene dat it útbesteegjen fan it behear regelet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)