Nordwin College nimt maatregels fanwege fûgelgryp

Learlingen fan it Nordwin College meie by har skoalle net mear yn hokken mei plomfee komme. De skoalle hat dy maatregel naam mei it each op de fûgelgryp. De fûgels meie foarearst allinne noch fersoarge wurde troch in meiwurker fan de skoalle. Learlingen dy't thús plomfee hawwe wurdt frege foarsoarchsmaatregels te nimmen oangeande klean en skuon as se nei skoalle komme.
It beslút is de learlingen meidield yn in brief. It Nordwin College hat ûnder oare skoallen yn Ljouwert, Bûtenpost en It Hearrenfean.