Súdwest-Fryslân: Wynmûnen nei de Ofslútdyk

25 nov 2014 - 17:25

De gemeente Súdwest-Fryslân makket him soargen oer in brief fan Deputearre Steaten oer de wynmûneplannen om de Iselmar hinne en op de Ofslútdyk. In konseptbrief fan it provinsjebestjoer oer de wynmûnen lekte tiisdei fia de Ljouwerter Krante út. Dêryn soe stean dat der eins allinnich keazen wurde kin foar it wynmûnepark yn de Iselmar sels, om't dat plan yn de struktuerfisy stiet. Neffens Súdwest-Fryslân is de fisy maklik oan te passen en hat it boppedat gjin juridyske status.

Deputearre Steaten seit noch hieltyd te wurkjen oan it brief. Se wolle in oantal saken earst better útsykje foardat se de brief ferstjoere. It útsluten fan it Ofslútdykplan stiet neffens deputearre Hans Konst net yn it brief.

Trefwurden: 
Ofslútdyk wynmûnen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)