Twadde Keamer freget om brief Schippers oer Sionsberg

25 nov 2014 - 16:52

De Twadde Keamer wol dat minister Edith Schippers fan Folkssûnens sa gau mooglik in brief skriuwt oer de takomst fan sikehûs De Sionsberg yn Dokkum. Yn dy brief moat de minister oanjaan hoe't de soarch foar de pasjinten yn de takomst regele wurde sil. De SP wol op koarte termyn mei Schippers yn debat oer De Sionsberg, mar foar dy winsk wie tiisdei ûnfoldwaande politike stipe.

De Sionsberg hat al in skoft finansjele problemen. Ferline jier waard dúdlik dat ûngefear in tredde fan de meiwurkers har wurk ferlieze soene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)