Buijs rest fan it seizoen útskeakele

Jordy Buijs yn aksje © awfoto.nl
SC Hearrenfean-ferdigener Jordy Buijs is de rest fan it seizoen útskeakele. De 25-jierrige Buijs hat by de wedstriid tsjin Ajax in blessuere oprûn oan de krúsbân fan syn linkerknibbel. Dat dy bliken nei in MRI-scan dy't Buijs moandei ûndergong.
It herstel fan dizze blessuere nimt sa'n njoggen moanne yn beslach.