Byienkomst meiwurkers Pasana yn Dokkum

25 nov 2014 - 15:38
  • De belangstelling foar de byienkomst wie grut
  • Lange rigen foar de yngong fan de IIsherberch

Yn de IIsherberch yn Dokkum is tiisdei in byienkomst foar alle meiwurkers fan soarchgroep Pasana. It giet om de meiwurkers fan sikehûs De Sionsberg en ek om de meiwurkers fan de fersoargingshuzen. De byienkomst wurdt hâlden op útnoeging fan de direksje fan Pasana.

Under de meiwurkers fan de soarchgroep ûntstie moandei in soad ûnrêst, doe't de direksje in pasjintestop ôfkundige foar sikehûs De Sionsberg. It Dokkumer sikehûs soe yn de reade sifers sitte. Meiwurkers hâlde dan ek rekken mei sluting of sels mei in fallisemint.

Pasana hat foar woansdeitemoarn in parsekonferinsje belein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)