'Dantumadiel skraste help sûnder ûndersyk'

25 nov 2014 - 12:53

Meie gemeenten samar de húshâldlike help skrasse, sûnder dat se de persoanlike sitewaasje goed ûndersocht ha? Dy fraach stie tiisdeitemoarn sintraal by de rjochtsaak dy't in echtpear fan 88 en 89 jier út de gemeente Dantumadiel tsjin de gemeente oanspande. De gemeente joech by de rjochtbank yn Grins oan dat dat ûndersyk der net west hat.

De rjochter stjoerde der op oan dat dat wol barre moat. Hy docht op 9 desimber útspraak yn dizze saak. Dy útspraak kin lanlike gefolgen hawwe.

Gemeenten nimme de soarchtaak mei yngong fan 1 jannwewaris 2015 oer fan it Ryk en jouwe gjin fergoeding mear foar húshâldlike help om't dat net passe soe yn de nije wet maatschappelijke ondersteuning.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)