CNV: "Ek meiwurkers ING Ljouwert ferlieze baan"

25 nov 2014 - 12:33

Ek yn Ljouwert sille by de ING Bank meiwurkers harren baan ferlieze, sa tinkt it CNV. Om hoefolle minsken it giet is net dúdlik. It fakbûn is bot skrokken fan de 1700 banen dy't skrast wurde by de ING. It CNV tinkt dat úteinlik hast 2500 fêste meiwurkers en goed 2100 flekskrachten harren baan ferlieze sille.

It fakbûn hie trije jier lyn ôfspraken makke dat de reorganisaasje by de ING stap foar stap gean soe. Dêr hat de bank har net oan hâlden. Neffens Ike Wiersinga fan it CNV hat dat te krijen mei de digitalisearring dy't trochset wurdt.

Fan woansdei ôf sil it CNV mei meiwurkers yn petear oer it skrassen fan banen by ING. Underwerp sil dan ek wêze hoe't omgean wurde moat mei flekskrachten dy't net ûnder in sosjaal plan fan ING falle. It CNV wol ek prate oer ôfspraken dy't makke binne om te sjen wat dy ôfspraken noch wurdich binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)