Lilkens by bewenners Riis en politisy Fryske Marren

25 nov 2014 - 12:14

Unbegryp, ferbjustering en lilkens hearskje by de bewenners fan Riis en de politisy fan de gemeente De Fryske Marren. De gemeente en it COA soenen moandeitejûn iepenheid fan saken jaan, mar dat barde net. Wethâlder Durk Durksz sei dat hy neat sizze koe, omdat der nije ynsichten binne.

Frans Westra, fraksjefoarsitter fan de PvdA yn de ried, typearre it optreden fan de wethâlder en de boargemaster as in swarte bledside yn de skiednis fan de nije gemeente De Fryske Marren.

Der kamen moandeitejûn gjin antwurden, mar woansdeitejûn is der in spesjale riedsgearkomste en dan moat it kolleezje mei in goed ferhaal komme, seit Westra. It COA begrypt de argewaasje, mar wol yn it belang fan de saak no noch neat fertelle. Der is lykwols gjin sprake fan dat der al in beslút oer it oantal asylsikers of in oar plak nommen is, seit de wurdfierder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)