Rjochtsaak âlder echtpear tsjin gemeente Dantumadiel begûn

25 nov 2014 - 11:49

Tiisdeitemoarn is yn Grins in rjochtsaak begûn fan in âlder echtpear tsjin de gemeente Dantumadiel. It echtpear fan 88 en 89 jier krijt mei yngong fan 1 jannewaris gjin fergoeding mear foar húshâldlike help. Harren dochter hat de rjochtsaak oanspand, omdat har âlden net sûnder húshâldlike help selsstannich wenje kinne soene.

It is foar it earst dat in boarger in rjochtsaak begjint tsjin de herfoarming fan de soarch. Op 1 jannewaris 2015 giet de ferantwurdlikheid oer fan it Ryk nei gemeenten.

Gemeenten beroppe harren op de nije Wet Maatskiplike Ondersteuning, wêryn stiet dat húshimmelje net langer in taak is fan gemeenten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)