Man mishannelet syn frou

25 nov 2014 - 10:26

In 29-jierrige frou út Ljouwert is moandeitejûn earnstich mishannele troch har man. It slachtoffer lei op bêd mei kniezings en blauwe plakken oer har hiele lichem. Nei in earste melding by de plysje ferklearre de man dat der neat te rêden wie en dat syn frou yn in hotel yn Assen siet. By de twadde melding die bliken dat dit ferhaal net kloppe en doe fûnen se de frou yn de wening.

De 33-jierrige man is oanhâlden. Fia de proseduere húslik geweld krijt de man in húsferbod oplein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)