Acht jonges oppakt foar beneidielen skoalle

25 nov 2014 - 10:23

De plysje hat acht jonges fan tusken de 14 en 16 jier oppakt foar it stellen fan belminuten. Yn augustus ha de jonges 500 kear mei in tillefoan belle nei in online tsjinst. Se diene dit fanút in skoalle oan de Robert Kochstrjitte yn Ljouwert. Yn elk tillefoanpetear waarden credits kocht foar it spultsje dat op ynternet spile wurdt. Mei dizze credits kin guod kocht wurde om fierder te kommen yn it spul.

Der is mei-inoar foar 700 euro op kosten fan de skoalle kocht. De groep soarget ek al in skoft foar oerlêst yn Blommebuert en Zamenhofpark.

Der is sprake fan yntimidaasje fan buertbewenners, fernielings, brânstichting en agressyf gedrach.

Trefwurden: 
oppakt belminuten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)