ING skrast 1700 banen yn Nederlân

It ING-haadkantoar yn Amsterdam © ANP
ING sil de kommende trije jier ûngefear 1700 banen skrasse yn Nederlân. Ek wurde hast 1100 minsken dy't no ekstern ynhierd wurde, net mear ynsetten. De bank wol mear ynsette op de digitalisearring fan de bankaktiviteiten. De measte banen ferdwine by it haadkantoor foar konsumintebankieren, de administraasje, de callcenters en de IT-ôfdielingen.
Yn Ljouwert sit in grut callcenter. It is noch net dúdlik om hoefolle banen it hjir giet. Op dit stuit wurkje yn Nederlân 16.000 minsken by ING.