COA wol him fierder beriede op AZC Riis

24 nov 2014 - 19:45

De ynformaasjegearkomste foar de ynwenners fan Riis fan de gemeente De Fryske Marren en it COA gong moandei net troch. Neffens wethâlder Durksz binne der nije ynsichten en wol it COA him dêr earst op beriede. Ynwenners fan Riis soenen bypraat wurde oer de oerienkomst dy't it COA sletten hat mei de eigener fan Mooi Gaasterland foar it húsfestjen fan asylsikers.

Neidat dúdlik waard dat de ynformaasjejûn net trochgong, ûntstie der ûnrest yn de seal. Minsken wienen teloarsteld en der klonk protest.

It plan fan it COA om 500 asylsikers ûnder te bringen yn Riis soarget al wikenlang foar spanning yn it doarp. Gemeente en in part fan it doarp fine dat fierstente folle. Riis telt 175 ynwenners.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)