Dekker: "Ek Omrop moat gewoan besunigje"

Omrop Fryslân moat gewoan meidwaan yn de besunigings dy't it Ryk trochfiere wol op de regionale omroppen. Mar it Frysk moat fansels wol waarboarge wurde. Dat sei steatssikretaris Sander Dekker moandei yn it mediadebat dat de hiele dei yn Den Haach plakfynt.
Alle regionale omroppen moatte 17 miljoen besunigje foar 2017. De provinsje Fryslân wol dat Omrop Fryslân minder rekke wurdt troch de besunigings omdat de omrop as iennige yn it Frysk útstjoert. De CDA-Twadde Keamerfraksje fynt dat ek. Se wurdt stipe troch PvdA, SP en Christen Unie.
Steatssikretaris Dekker nimt mids april takom jier in beslút oer de besunigings by de regionale omroppen.