Ferbod Zalen Schaaf ramp foar rock-, cover- en tributebands

24 nov 2014 - 16:42

It ferbieden fan konserten yn Zalen Schaaf yn Ljouwert is in ramp foar rock-, cover- en tributebands en de leafhawwers dêrfan. Dy hawwe aanst gjin poadium mear yn Ljouwert. Dat seit festivalorganisator Bianca Wijnsma út Hurdegaryp.

Neffens gemeente Ljouwert is der sprake fan lûdsoerlêst. Dêrom meie der gjin konserten mear organisearre wurde. Wijnsma tinkt dat de gemeente Schaaf kapot meitsje wol om konkurrinsje mei it nije Poppoadium foar te kommen. Mar subsidiearre ynstellings as Romein en Poppoadium hiere amper cover- en tributebands yn.

De programmagearstallers fan subsidiearre poadia kieze leaver foar bands dy't mei in eigen, orizjineel repertoire komme. Hoe't it krekt komt mei Zalen Schaaf is noch net dúdlik. De gemeenteried moat dêr noch in beslút oer nimme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)