Crone kriget offisjeel kaai fan Blokhúspoarte

24 nov 2014 - 16:27

Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert hat moandei offisjeel De Blokhúspoarte yn eigendom krigen fan it Ryk. De gemeente kocht de âlde finzenis in pear moanne lyn foar it symboalyske bedrach fan ien euro en die it gebou dêrnei oer oan Stichting Boei. Dy hâldt him dwaande mei de werbestemming fan yndustrieel erfguod.

De yntinsje is dat de bedriuwen dy't no yn it gebou sitte dêr bliuwe kinne. Dêrnjonken wurdt sjoen oft bygelyks de bibleteek of in jeugdherberch in plak yn it kompleks krije kinne. De gemeente bliuwt eigener fan de Blokhúspoarte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)