Tryater komt mei ekstra foarstellings fan In Leafde

Joke Tjalsma, Nynke Heeg en Eelco Venema yn In Leafde © Sanne Peper
Tryater spilet ekstra foarstellings fan it toanielstik In Leafde, The Bridges of Madison County. Joke Tjalsma, Nynke Heeg en Eelco Venema spylje de haadrollen yn dit stik. Om't it toanielstik op guon plakken útferkocht is, wurdt op woansdei 17 desimber in ekstra optreden fersoarge yn It Dielshûs yn Wommels. Twa dagen letter is der in ekstra foarstelling yn Ljouwert.
It optreden fan Tryater yn Drachten wurdt ferskood fan sneon 13 nei snein 14 desimber yn ferbân mei de iepening fan de grutte seal fan skouboarch De Lawei.