Hoekstra Snits wint ûndernimmerspriis TLN
Logistykbedriuw Hoekstra fan Snits hat dit wykein de lanlike ûndernimmerspriis foar Transport en Logistyk wûn. Minister Schultz van Haegen rikte de priis út op it jierkongres fan Transport en Logistiek Nederland (TLN).
Tema fan de priis wie dit jier ûnderskiedend ûndernimmerskip. De sjuery wie benammen ûnder de yndruk fan de belutsenheid fan de meiwurkers by alle feroarings binnen Hoekstra.