KNVB easket ien wedstriid skorsing foar Lodeweges

24 nov 2014 - 14:55

Dwight Lodeweges hat fan de KNVB in skikkingsfoarstel foar ien wedstriid skorsing krigen. De trainer van SC Hearrenfean waard sneon by it duel mei Ajax nei de tribune stjoerd neidat er kommentaar hie op in beslissing fan skiedsrjochter Kevin Blom. Blom joech oanfaller Luciano Slagveer noch foar rêst syn twadde giele kaart, wêrtroch't Hearrenfean mei tsien man fierder moast. It stie doe noch 0-1 yn it foardiel fan de Feansters. Uteinlik ferlear Hearrenfean met 4-1.

Hearrenfean kin noch yn berop gean tsjin de skorsing. As Lodeweges it foarstel akseptearret, moat er by it duel tsjin Heracles Almelo op 'e tribune plaknimme.

Middenfjilder Joey van den Berg krige yn de wedstriid mei Ajax in giele kaart. Van den Berg is dêrtroch wis fan in plak op de tribune tsjin de Almeloërs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)