Bedriuwslieder pakt flechtsjende winkeldief

24 nov 2014 - 14:06

In 48-jierrige man út Haaften is sneintejûn troch de plysje fan It Hearrenfean oanholden op fertinking fan winkelstellerij. Meiwurkers fan in winkel oan de Atalantastrjitte seagen hoe't de man sigaretten meinaam sûnder te beteljen.

Doe't de bedriuwslieder de man dêr op oanspruts, naaide de winkeldief út. De bedrijfslieder koe de man achter de winkel te pakken krije. Mei help fan in omstanner waard de dief oermastere. De plysje hat de man meinaam nei it buro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)