Fjouwertal oanholden foar wenningynbraken

24 nov 2014 - 14:01

De plysje hat moandeitemoarn by hússikings yn Ljouwert en de gemeente Harns fjouwer minsken oanholden. Neffens de plysje giet it om fertochten fan wenningynbraken. It fjouwertal soe begjin augustus ynbrutsen hawwe by in hûs oan de Harnzerstrjitwei yn Mullum. By de ynbraak waarden ûnder oare in beurs mei jild en bankpassen meinaam. Mei de passen waarden dêrnei tûzenen euro's fan in bankrekken helle.

De fjouwer fertochten sitte fêst foar fierder ûndersyk. By de hússikings waarden ek trije fjoerwapens, in alarmpistoal en 10 gram kokaïne fûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)