Kliïnten GGZ Fryslân moatte langer wachtsje

24 nov 2014 - 12:08

Kliïnten fan GGZ Fryslân moatte yn de takomst langer wachtsje foardat se holpen wurde kinne. De wachtlisten sille de kommende jierren groeie as gefolch fan de besunigings dy't de GGZ trochfiere moat. Dat seit bestjoerder Adriaan Jansen fan GGZ Fryslân. Kommend jier rint de omset mei 8 miljoen werom en dat betsjut dat sa'n 80 minsken harren baan ferlieze sille.

De ûntslaggen komme boppe-op de ûntslachronde dy't earder dit jier al oankundige waard. It tal banen dat ferdwynt komt dêrmei op twahûndert.

Dat der besunige wurde moat komt ûnder oare trochdat soarchfersekerders hieltiid gruttere koartings oplizze oan de soarchoanbieders. Ek de oergong fan in part fan de soarch fan it Ryk nei de gemeente spilet mei yn de besunigingsplannen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)