Fermearderingsbedriuw slachtoffer fan útbriedferbod

De 30 Fryske hinne-fermearderingsbedriuwen rinne eltse dei tonnen oan ynkomsten mis. Dit komt fanwege it útbriedferbod dat de minister ynsteld hat foar de kommende trije wike. In fermearderingsbedriuw leveret befruchte aaien oan de fleispikemesters. In bedriuw mei 35.000 hinnen hat sa'n 25.000 aaien op in dei.
Ut de aaien komme trije wiken lang gjin pykjes en dat sille de 80 fleispikehâlders yn Fryslân ynkoarten fernimme. De fleishinnen meie gewoan nei de slachter, mar dêrnei bliuwe de loadsen leech. Dat giet ek in soad jild kostjen.
De situaasje is sa slim, dat it CNV freget om wurktiidferkoarting foar de bedriuwen, sadat wurknimmers foar in part yn de WW kinne.