Startskot foar ferbouwing nij Thialf

24 nov 2014 - 10:57
  • Eelco Derks (Thialf), Bernard Sinnema (Ballast Nedam) en Willem Jan van Elsacker (Thialf)

Thialf is fol fertrouwen dat de fernijbou fan it stadion op tiid klear wêze sil foar de start fan it seizoen 2016/2017. It offisjele startskot foar de ferbouwing fan it nije Thialf waard moandeitemoarn jûn. Boubedriuw Ballast Nedam fiert it wurk út dat mids maart takom jier begjint. As alles neffens plan ferrint, kin it nije Thialf yn it seizoen fan 2016-2017 yn gebrûk nommen wurde.

Earst wurdt de iisflier oanpakt en de nije bûtenring oanlein. Nei it seizoen 2015-2016 wurdt de konstruksje fan binnenút sloopt en wurdt it stadion ôfwurke.

Yn oktober stapten trije fan de fjouwer kommissarrissen fan Thialf op omdat se harren twifels hawwe oer de risiko's en de helberens fan it projekt. Mar neffens Thialf-direkteur Eelco Derks en projektdirekteur Willem Jan van Elsacker komt it allegearre yn oarder en sil de bou op tiid klear wêze.

Thialf bliuwt iepen foar rekreanten en topsporters. Ek de belangrykste wedstriden geane troch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)