Ien deputearre foar Kulturele Haadstêd 2018

Steatelid Jelle Hiemstra
Der moat in deputearre komme dy't him allinnich mar dwaande hâldt mei Kulturele Haadstêd 2018. Dat fynt de fraksje fan Friese Koers. Neffens Jelle Hiemstra fan dy partij rjochtfeardiget it grutte evenemint oer fjouwer jier sa'n deputearre.
Dizze KH2018-deputearre moat him dwaande hâlde mei de totale koördinaasje fan alle belutsen partijen. Fierder soe mei ien spesjale deputearre miskommunikaasje en "hoantsjegedrach" foarkommen wurde moatte.