UNIS Flyers wint ek by Herentals

23 nov 2014 - 22:18

De iishockeyers fan de UNIS Flyers ha sneintejûn de fjirde winst yn de kompetysje om it kampioenskip fan Nederlân helle. Yn België waard Herentals mei 4-1 ferslein. Mitch Bruijsten wie nei in lytse trije minuten de earste skutter foar de Flyers. Dêrnei soe yn de tredde perioade wer skoard wurde. Tyler Melancon makke de 1-1. Keaton Hartigan, de bêste goaly fan Herentals, moast dêrnei twa kear 'fiskje' op ynsetten fan Josh Prudden en Ronald Wurm. Mei de keeper fan de Belgyske ploech fan it iis makke Mitch Bruijsten de lêste Flyer goal.

UNIS Flyers is koprinner mei acht punten út fjouwer wedstriden. Tilburch hat seis punten, Herentals fjouwer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)