SC Cambuur wint mei 3-1 by FC Utrecht

23 nov 2014 - 18:35

SC Cambuur hat de wedstriid yn en tsjin Utrecht mei 3-1 wûn. De Ljouwerters mochten yn de earste helte de hannen tichtknipe dat keeper Leonard Nienhuis de twadde strafskop fan Utrechter Ruud Boymans keare koe. Yn de 24e minút hie Boymans fan alve meter, nei in oertreding fan Vytas, de 1-0 op it boerd setten. De twadde kear wie Nienhuis paraat. Martijn Barto soarge yn de 39e minút foar de 1-1. Yn de twadde helte wie Cambuur baas yn stadion Galgenwaard. It duorre oant de 82e minút doe't Ogbeche de twadde goal makke. Dejan Meleg soarge foar 3-1.

De goal fan Martijn Barto wie de 200e goal fan Cambuur yn de earedivyzje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)