Nij ikoan Sint Clemens foar Amelanner parochy

© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
De Sint Clemenstsjerke yn Nes op It Amelân hat snein in nij ikoan fan de patroanhillige Sint Clemens krigen. It paniel is skildere troch Wies van der Meer fan Lekkum. Sy skinkt har wurk oan de parochy op it eilân. De pastoar hat de ikoan yn de tsjinst yn De Toel ynwijd, op de nammedei fan Sint Clemens.
Yn febrewaris 2013 baarnde de Sint Clemenstsjerke ôf. It keunstwurk krijt in plakje yn de nij te bouwen tsjerke. Takom jier juny wurdt dêr mei begûn. Dat soe al in jier earder mar it ynstimmen mei de bouplannen duorre langer as tocht.