Koperdief yn Ljouwert oanhâlden

23 nov 2014 - 11:58

Yn Ljouwert hat de plysje sneontemoarn in koperdief oanholden. In foarbygonger seach dat in man in grûnkabel meinaam fan in bouterrein oan de Rengersleane en belle de plysje. Dy trof de fertochte eefkes letter oan op de Noardersingel. De 41-jierrige Ljouwerter hie in stik grûnkabel oer it skouder. Hy is oanhâlden. Neidat er op it buro de stellerij bekend hie, mocht er wer nei hûs. De plysje hat de kabel yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)