Dino's lûke soad folk nei natuermuseum

23 nov 2014 - 11:35

De tentoanstelling 'It's T-rex time' yn Natuurmuseum Fryslân hat 20.000 besikers lutsen. It is dêrmei ien fan de meast súksesfolle eksposysjes fan it museum yn Ljouwert. De útstalling oer dinosaurussen beskriuwt it libben fan de bisten fan it aai oant it útstjerren.

Snein is de lêste dei. Bern dy't ferklaaid binne as dinosaurus meie der dan fergees yn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)