"Grutte seal De Lawei op 4 desimber klear"

23 nov 2014 - 11:03

Skouboarch De Lawei yn Drachten ferwachtet de grutte seal fan 4 desimber ôf wer brûke te kinnen. 'Grande Luxe' fan Brigitte Kaandorp is dan de earste foarstelling dy't yn de grutte seal te sjen is. Op dit stuit wurdt der noch hurd wurke oan de grutte seal. De Lawei ferwachtet dat ek alle oare foarstellingen dy't nei 4 desimber yn de grutte seal pland stiene, trochgean kinne. It giet ûnder oare om de show fan Jochem Myjer.

De ferbouwing fan de skouboarch rûn fertraging op nei't in skeel ûntstien wie mei bouwer Van Norel. No wurde foarstellingen yn in tinte spile, de wite Lawei neamd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)