Fiskstreuper trappearre yn De Deelen

Petgat yn De Deelen © Wiki
De plysje hat in fiskstreuper opspoard dy't yn natuergebiet De Deelen fûken brûkte. It giet om in 65-jierrige man fan It Hearrenfean. De plysje hie de fûken ferline wike oantroffen yn it gebiet. Sneon die bliken dat de fûken leechhelle wiene. In ûndersyk brocht de plysje by de Feanster. Dêr trof de plysje fûken oan. De man hie der kreeften mei fongen. De fûken binne yn beslach naam. De Feanster krijt proses-ferbaal.