Loads mei frachtweinen yn Mitselwier útbaarnd

In loads fan transportbedriuw Hovenga yn Mitselwier is sneintemoarn folslein útbaarnd. Yn de loads stiene seis frachtweinen en in shovel. Dy binne ferlern gien. De útslaande brân bruts om healwei sânen hinne út. De brânwacht skaalde al gau op nei grutte brân.
Brânwachtkorpsen fan Dokkum, Ternaard en Eanjum bestrieden it fjoer. Ut Súdhorn kaam in grutwettertransport. In wenning by de loads koe beholden wurde. Om kertier oer achten waard it sein brân master jûn. By de brân binne gjin skealike stoffen frijkaam. Net ien rekke ferwûne.