Aggie Walsma wint ferrassend Sjoerd Huisman Bokaal

Aggie Walsma © schaatsen.nl
Aggie Walsma is de ferrassende winner wurden fan de earste Sjoerd Huisman Bokaal. Yn Hoorn kaam se yn in kopgroep fan trije mei Iris van der Stelt en Anneke Peters. Ta harren ferrassing koe se fuortsprinte. It peloton efterhelle Peters noch wol, mar Walsma wûn de sprint fan Van der Stelt. It wie foar de 27-jierrige Walsma út Boalsert har earste oerwinning op it heechste nivo.
By de manlju gong de winst yn in massasprint nei Evert Hoolwerf. Bob de Vries, noch altyd koprinner fan de Maraton Cup, gong yn de lêste bocht ûnderút.
De Huisman Bokaal is ferneamd nei Sjoerd Huisman, dy't 30 desimber 2013 ferstoar oan in hertstilstân.