Flyers wint fan Geleen en bliuwt earste

22 nov 2014 - 23:22

De UNIS Flyers ha thús mei 10-5 wûn fan Laco Eaters Geleen. Nei de earste perioade gong it noch lyk op. De Flyers kamen twa kear op foarsprong, mar de Limboargers knokten werom. Yn de twadde perioade rûnen de Flyers út nei 5-2, mar wie Geleen striidber. Mei in 5-2 gongen beide ploegen de lêste perioade yn. It waard 6-5, mar dêrnei makke de koprinner it ôf en rûn út nei 10-5.

Foar de wedstriid wie it noch ûnwis oft der wol spile wurde koe omdat Geleen yn finansjele problemen sit. Flyers hat no nei trije wedstriden in hûndert persint skoare.

Tilburch en Herentals ha twa punten minder as de Flyers en folgje nei trije wedstriden spyljen op it twadde en tredde plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)