Aris kânsleas tsjin koprinner Leiden

De basketballers fan Aris binne tsjin in kânsleaze nederlaach oprûn tsjin ZZ Leiden. De koprinner makke yn de twadde perioade it ferskil en wûn mei 101-81. Dêrmei bliuwt Aris sânde mei fjouwer punten út njoggen wedstriden.
Aris koe de earste fyftjin minuten goed meikomme. It hie sels in foarsprong fan 40-33. Doe stie Leiden lykwols op en makke it in knappe rige fan 20-1. Yn de twadde helte koe Leiden it profesjoneel útspylje en it gat fergrutsje nei tweintich punten.