"Skerp bliuwe op mêd fan gaming"

Fryslân moat skerp bliuwe op it mêd fan gaming. Dat sei Albert Sikkema, direkteur fan de Game-akademy, yn it Fries Museum by de iepening fan New Horizons. De útstalling lit de keunst achter fideospultsjes sjen. Fryslân hat him yn rap tempo ûntwikkele, mar moat dêr wol mei troch gean. Grinslân driget de posysje fan Fryslân op game-mêd oer te nimmen.
Mei de opkomst fan ynteraktive games giet in nije wrâld iepen foar gamers en wurdt de link tusken realiteit en 'virtual games' mooglik makke. Soarchynstellingen ha dêr ûnder oare ferlet fan.