Plysje misledige nei oanpak lûdsoerlêst yn Noardwâlde

22 nov 2014 - 13:15

Trije ynwenners fan Noardwâlde fan 21, 23 en 43 jier binne freedtenacht oanhâlden foar belediging fan plysjeminsken. Op it wenweinkamp oan de Geldering wie in feestje yn in tinte. Yn de rin fan de jûn kamen der in tal klachten oer de lûde muzyk. De plysje gie der twa kear hinne mei it fersyk om de muzyk sêfter te setten en dat waard ek dien. Doe't om healwei fjouweren wer in klacht oer de muzyk binnenkaam, naam de plysje de lûdsynstallaasje yn beslach. De trije fertochten woene dat tsjinhâlde en beledigen de plysje.

Ien plysjeman waard bedrige mei in barkruk. De fertochten binne ynsletten op it buro foar neier ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)